It hûs fan
allinne-wêze
út ‘e dichtbondel ‘It
Nachtlân’ fan Albertina Soepboer
mei en nei it skilderij ‘Het
Nachthuis’ fan Herman Tulp op it omkaft
(mei in besprek fan Eeltsje Hettinga, oernommen fan www.kistwurk.nl)
|
Hermans Huis Het huis
staat hoog in de purperen nacht, losgeweekt Wy
songen yn 'e auto en it wie sneontemiddei Het is
de nacht om de ramen te openen, te zinspelen op Ik
song yn 'e nacht en it wetter kaam heger en In de
keuken trekt ze de wortels, kookt ze in tot zwarte Ik
siet yn 'e bus en ik song en ik ried by de see- De hemel
kleurt nog dieper als ze de purperwijn vindt, |
![]() "Het Nachthuis" fan Herman Tulp |
IT HUS FAN ALLINNE-WEZEN
(In fitalistysk, troch ferwûndering dreaun eksperimint fan Albertina Soepboer,
in besprek fan Eeltsje Hettinga, oernommen fan www.kistwurk.nl).
1.
It skilderij ‘Het Nachthuis’ fan Herman Tulp op it omkaft fan de dichtbondel ‘It nachtlân’ fan Albertina Soepboer, ropt fuortdaalks assosjaasjes op mei it ferneamde skilderij ‘House by the Railroad’ fan de Amerikaanske skilder Edward Hopper, in doek dat ik fiif jier ferlyn foar it earst yn it ‘echt’ seach yn it Museum foar Modern Art yn New York. Beide skilderijen hawwe dat elemint fan ferlittenens yn har, kypje derút troch it yntinse kleurgebrûk en referearje oan it yn ‘e Romantyk gongbere motyf fan de iensume beam tsjin de eftergrûn fan alderhande desolate lânskippen. Sjoch yn dit ferbân ek it wurk fan de Dútske skilder Casper Friedrich.
Men mei oannimme dat it skilderij fan Tulp net om ‘e nocht op it omkaft set is, al wie it mar fanwegen it feit dat it gedicht ‘Hermans Huis’, dat 'Nachthuis' ta útgongspunt hat, in sintraal plak yn de bondel fan Albertina Soepboer ynnimt.
It hat my fernuvere dat sawol Cornelis van der Wal as Anneke Reitsma yn harren besprekken fan ‘It Nachtlân’ dit gedicht amper neame, wylst it neffens my net allinne ien fan ‘e kaaigedichten is, mar tagelyk ek ien fan meast nijsgjirrige en meast fassinearjende fersen yn it wurk fan Soepboer, mar dat lêste kin fansels ek in kwestje fan persoanlike smaak wêze.
Cornelis van der Wal stelt yn syn besprek (Hjir nr 3. 1999 s. 10) dat it eksperimint mei it brûken fan sawol it Frysk as Hollânsk yn Hermans Huis net slagge is. Hy konstatearret dat it gedicht troch ‘it prosedee’ útinoar falt, mar jout fierders gjin arguminten. Ek stelt Van der Wal dat de koarte Fryske fragminten yn it fers harren needsaak net dúdlik meitsje, mar twaresom jout er net oan wêrom’t er dat fynt.
It iennige dat er seit is dat er him net begripe kin wêrom’t der twa talen binnen ien gedicht hantearre wurde, komt er lykwols op ‘e hispel mei it sizzen c.q. de konklúzje dat it iene en oare him frijwat forsearre foarkomt, om der oan ‘e ein fan syn besprek noch oan ta te foegjen dat Soepboer better yn it Frysk skriuwe kin as yn it Hollânsk. 'En dat is gjin sjauvinisme, mar in feit.'.
Anneke Reitsma stelt har yn har besprek fan it wurk fan Albertina Soepboer (Trotwaer, nr. 8, oktober 1999) iepener en ek mear nuanseare op, al wie it mar omdat se mear each hat foar ien fan ‘e wichtige tema’s fan de dichteresse: dy fan it gewraksel mei de ferskillende talen, hoe’t dy har beynfloedzje, mei dêrneist it ûndersyk nei de hâlding dy’t se dêrfoar hat en/of dêrfoar ynnimme moat c.q. kin.
2.
Mei opsetsin brûk ik hjir it wurd gewraksel, en ik doch dat mei in fette knypeach nei De Greate Wrakseling fan Hessel Miedema.. Ek by Miedema wurdt bytiden it Hollânsk brûkt yn teksten dy’t fierdersoan Frysktalich binne. Miedema seach it lang om let net mear sitten mei it Frysk as gebrûks-en poëtyske taal. Hy luts derút de konsekwinsje. Dat is te sizzen: hy die der fierders it swijen ta.
Wie it by Miedema in kwestje fan: Jonges, it Frysk hat gjin takomst, dy taal is dea, en ik belichemje dat by dizzen troch der foargoed mei op te hâlden, by Soepboer is dy radikaliteit net oan ‘e oarder. Har giet it om de ferhâlding tusken de ferskillende talen, wêrûnder dy fan it Frysk en Hollânsk, en it is dy meartaligens dy't by Soepboer noch in eintsje komplekser makke, omdat de dichteresse der ek alderhande oare talen, ûnder mear dy fan it lichem en it ûnderwêsten yn behellet De dichteresse giet – hiel fitalistysk want yn ferwûndering oer de fraach wat har eigen posysje binnen dit gehiel is - it eksperimint oan. Al ûndersykjendewei prebearret se alderhande mooglikheden út en giet derby, bytiden letterlik, alle grinzen oer. Dat makket it lêzen fan ‘It Nachtlân’ ta in aventoer.
Dy ferwûndering, dy’t Soepboer, nijsgjirrich as se is nei it wêzen en funksjonearjen fan de ferskillende talen yn har bestean, kom ik yn it besprek fan Van der Wal net tsjin. Persoanlik fyn ik it ek wat bot om mei ynbring fan ék nochris sa’n grut moreel oardiel as ‘earlikens’ de dichteresse foar te hâlden dat se dêrom mar better yn it Frysk skriuwe kin. Wêr docht út bliken, sa’t Van der Wal hawwe wol, dat de dichteresse har yn it Frysk earliker uteret as yn it Hollânsk? Wat betsjut earlik dan yn dizzen? Skriuwt de dichteresse dêrom minder earlik yn it Hollânsk? Liicht se op dat momint of sa én tsjin oer wa dan? Tsjin oer harsels of it Frysk? Wat binne de mjitstêven op grûn wêrfan’t Van der Wal sjen litte kin hoe’t er dat ‘earlik’, en dan benammen de oertreffende trep derfan, hifket? Hawar, ik sei dus bot, mar miskien is it ek wol leechlizzend, of better sein: wat arrogant, as soksoarte morele ymplikaasjes ynbrocht wurde, fral ek omdat Van der Wal earder yn syn besprek fan ‘It Nachtlân’ nei foaren brocht dat er him ‘net begripe kin wêrom it iene Frysk en it oare Hollânsk is.’
3.
‘Hermans huis’ is ien fan de kearngedichten yn ‘e bondel ‘It Nachtlân’.
Yn ‘e earste fjouwer rigels fan it fers jout de dichteresse yn in pear halen oan wêr’t se hinne wol. Earst wurdt it hûs fan Herman beskreaun, in hûs dat op himsels stiet, net bûn oan ‘zijn stadstaal’. Twad, it skilderij begjint foar de taskôger, de sij yn it fers, te libjen, de linen ferskowe. De ferteller lit har de foet yn ‘e hûs sette. Stadich falt de konkrete romte, ûnder mear werjûn troch it byld fan ‘de trein in de verte’ wei. Ek it lûd fan de skille ferstjert. De frou giet it donker yn, it donker fan de nacht efter de tichtfallen doar.
Plak en taal wurde yn de twadde, yn it Frysk stelde trijerigel (5-7) oanfold mei it tredde en foar dit gedicht wichtige elemint fan tiid. It hûs makket part út fan it oantinken fan de ik-persoan; hja hat it earder sjoen as famke, as bern miskien, mar dat is in ûnderstelling dy’t net daalks út de tekst dúdlik wurdt. Yn alle gefallen, ea binne hja bylâns it hûs riden, yn ‘e auto, al sjongendewei, wylst it rûnom ljocht wie. (‘de loft skynde út ‘en readens.’). De ik-persoan sjocht en sjocht, om ‘noait wer te ferjitten’. De trije terzinen steane dan ek, hiel legitym, neffens wat der oan oantinken beskreaun wurdt, yn ‘e doetiid.
Oant safier is alles helder en dúdlik. Yn ‘e argetypyske lear fan C.G. Jung stiet it hûs, it leafste ien mei in soad gongen en keamers, symboal foar it ûnderwêsten. It is binnen dizze romte dat de frou de finsters iepenset, in hanneling, dy’t lucht en treast jout oan (eardere?) wûnen fan eangst. En hja docht dat op in oere dy’t hja ryp achtet om ‘het vissepak’ oan te lûken en ‘de hark’ te pakken.
No stiet de fisk noch altiten symboal foar de frou en as it om it ‘fiskepak’ giet, dan giet it om har neakenens. De 'sij' yn it fers giet op ‘en syk nei de woartels fan harsels, har frouwêzen en dy begjinne ‘in de taal van de omkering’. As ik it goed begryp, dan is it Frysk. As dat sa is, dan is dêrmei ek it gebrûk fan it Hollânsk yn ‘e fjouwer kwatrinen fan it gedicht (legitym) ferklearre, want wie ús ‘earste’ taal net dy fan de stilte, en dernei dy fan it Frysk, by my alteast al, en nei alle gedachten ek by Albertina Soepboer.
De woartels fan it bern as famke, teminste dat nim ik yn dizzen mar oan, wurde fan har leaf ûntdien en sean. ‘Ze kookt ze in’ net ta gewoane ierde, mar ‘tot zwarte aarde.’ Is dat te sizzen: Ferneatiget se wat se oan famke wie of foarmet se harsels yn har frouwêzen om? Hoe it ek wêze mei, de hanneling levert har wol ‘onverwachte útkomsten op’. Want….de feinten en manlju meitsje gading om har. Soepboer brûkt der in prachtich metonym foar: ‘de rondedans van de stoelen’, in stylmiddel dat trouwens in typysk skaaimerk is foar har wize fan dichtsjen.
Hawar, efkes letter strykt ‘de witte uil' op 'e tafel del. En hokfoar taal sprekt dizze ûle? ‘Zijn taal,’ en dúdlik net har taal, mar ‘zijn taal van de openingen en de raadsels’. De taal fan de iepeningen. Wat kin soks oars wêze as de taal fan it lichem? Oan ‘e iene kant biedt it de frou yn it gedicht in iepening - in útwei -, oan ‘e oare kant bliuwt datselde lichem wat syn taal oangiet foar har ûnfersteanber. Hhoewol’t de ferteller it net eksplisyt seit, makket soks jin yn it generaal knap allinne.
Dat gefoel falt gear mei it byld yn ‘e lêste rigel (r. 21) fan de lêste yn it Frysk stelde terzine. De bus dêr’t hja yn sit tewyl hja sjongt en sjocht hoe't ‘in karre mei druven en traapjende skonken’ – al wer sa’n prachtich metonym - by it seedyk delrydt. Omdat der ‘del’ stiet en b.g. net ‘bylâns’, heart it iene en oar noch al fenûntrêstigjend. It lêste wat hja dan noch sjocht is ‘it hûs fan allinne-wêze’. Dat binne de oantinkens dy’t ik-persoan, it famke, oan it hûs hat.
Ek al binne de kwatrinen yn 'e notiid stelt, dochs moat it ek hjir om in herinnering gean, konkreet oan dy fan de Eros, de pearing. ‘Zij deelt de aarde en het bloed tot nieuwe taal.’ Troch de koïtus ynterruptus, de feriening, streame twa talen mei-inoar gear yn in nije taal, sa’t ek binnen dit gedicht, sij it op in mear artifisjele wize, ek it Frysk en it Hollânsk efkes mei-inoar gearstreame. Mar omdat it yn dizzen om in herinnering fan de sij-persoan giet, is dat gearfloeien fan ferskillende talen - dy fan twa ferskillende lichems en yn dizzen ek dy fan it Hollânsk en Frysk - tagelyk ek wer in sitewaasje dy’t net bestean kin en dy't net duorsum bliek te wêzen. De frou is fan datoangeande dûbeld allinne.
It fers einiget lykwols mei it sizzen: ‘Het zal opnieuw spreken in Hermans Huis.’ Nettsjinsteande de swierrichheden dy’t it lidwurd ‘het’ yn dizzen jout, fetsje ik de rigel op as in foarm fan hope, en miskien ek wol ferlangen; ienris sille de ferskillende talen, yn dizzen dy fan twa lichems, wer mei-inoar gearfloeie om, foegje ik der dan mar oan ta, troch de iepenings fan it lichem – de erotyk - de riedsels fan ússels en de ferskillende yn ús omhúsmanjende talen, te iepenbierjen
Om koart te kriemen: De erotyk jout efkes ferlos jout (ûnder mear fan tinken en taal). Yn en troch de hanneling fan de feriening sels jout him/har in nije taal bleat mar dêrnei binne wy wer – ja, ja, ja, alle lekkere druven smeitsje lang om let soer - lykme allinne as wy altiden al wiene, allinne yn de werklikheid fan ús eigen taal, ús eigen wurden, ús eigen stilte en yn de werklikheid fan ús eigen hûs fan allinne-wêzen.
5.
Hûs, nacht en taal binne de kaaiwurden yn dit gedicht. Se komme oerien, of leaver sein, dekke de eleminten fan plak, tiid en lichem. By Soepboer skowe net allinne ferskillende tiden, mar ek ferskillende ynhâldlike lagen oer inoar hinne. Hermans Huis stiet by alle drege symbolyk, dy’t de dichteresse der op neihâldt foar it oantinken, of miskien ek wol it ûnderwêsten, wêryn’t de wetten fan oare talen hearskje en sprekke, fral ek omdat der skreaun wurdt: ‘In de vensterbank rolt zich de stilte op.’
Miskien is it wat te fier socht, mar troch it ferfrjemdzjende elemint dat yn it Hopper-eftige skilderij ‘Nachthuis’ fan Herman Tulp skûlet, kriget it gebrûk fan it Frysk yn it gedicht ‘Hermans Huis’ ûnwillekeurich ek in soartemint fan ferfrjemdzjende lading, te mear omdat by Soepboer it Frysk njonken it Hollânsk set is, of sa’t Casper David Friedrich it skildere en faaks bedoeld hawwe soe: It Frysk, in frou, mei it bestean as in iensum hûs of beam op in einleaze, ferlittene flakte?
E.H.